Keapjen fan hûs hieltyd dreger foar Jan Modaal

19 jul 2019 - 16:56

In eigen hûs, mei in moaie tún en in auto foar de doar. It is de dream fan in soad Friezen mei in normaal lean, mar lykas yn de rest fan it lân spat dy dream hieltyd faker út inoar foar minsken mei in middenynkommen. "Die droom is inderdaad niet meer vanzelfsprekend", stelt Nic Vrieselaar fan it ekonomysk buro fan Rabobank.

Ekonoom Nic Vrieselaar oer de wenningmerk yn Fryslân

Vrieselaar is ekonoom en seit dat Jan Modaal somtiden wol acht oant njoggen kear syn jierlean dellizze moat foar in keapwenning. En dêr is net tsjinop te lienen. Wy lizze him in tal fragen foar.

Hoe grut is it probleem en wêrtroch komt it?

"De belangrijkste oorzaak is de mismatch tussen vraag en aanbod. Er zijn ontzettend veel Nederlanders die een eigen huur- of koophuis willen, maar we hebben een enorm woningtekort. Dat hadden we al, maar het is nog groter geworden. Door die mismatch stijgen de prijzen en in dit geval heel hard."

Hoe is de situaasje yn Fryslân?

"Ook in Fryslân zijn de huizenprijzen behoorlijke gestegen de laatste jaren. In heel Fryslân moet je nu ongeveer toch wel 220.000 euro neertellen voor een eigen huis en in sommige regio's in de Súdwesthoeke moet je nog meer betalen en dat vergt eigenlijk een steeds hoger inkomen. Voor een huis in Fryslân moet je toch wel 45.000 à 50.000 euro verdienen."

Wat betsjut it foar minsken dy't (noch) gjin hûs keapje kinne?

"Wat je ziet is dat mensen langer thuis blijf wonen en dat studenten minder snel op kamers gaan. Je moet misschien een huisgenootje zoeken, maar wat ook kan. Als je nou misgrijpt op de woningmarkt ben je vaak aangewezen op de vrije huursector. Daar zijn de huurprijzen behoorlijk hoog. Daar betaal je soms wel veertig tot vijftig procent van je inkomen aan woonlasten."

Te keap - Foto: ANP

Hoe sit it mei de sosjale hierwenningmerk?

"Ook daar zien we toch wel de mismatch tussen vraag en aanbod, maar dat is eigenlijk ook wat het voor mensen met middeninkomens zo prangend maakt. Als jij niet terechtkomt in een koophuis, ben je vaak aangewezen op de vrije huurhuizen. Voor de lage inkomens is er gelukkig nog de route naar een sociale huurwoning, maar ook daar is het aanbod gering."

Is it probleem allinnich fan no of ha wy hjir langer mei te krijen?

"Het tekort aan huizen in Nederland is iets wat we al heel erg lang kennen. We zien nu dat de huizenbouw nu nog niet enorm op gang is gekomen. Vermoedelijk blijft die mismatch tussen vraag en aanbod nog wel even bestaan en blijven huizen nog wel even heel erg duur."

It probleem is dúdlik, mar hoe losse we it op?

"Meer huizen bouwen is dé oplossing, maar dat is gemakkelijker gezegd dan gedaan. We willen in Nederland ook graag ons mooie groen behouden, maar je ontkomt er denk ik niet aan dat je toch echt wel heel wat huizen moet gaan bouwen om ervoor te zorgen dat mensen kunnen wonen waar ze willen wonen."

Yn Fryslân spilet it probleem ûnder oare yn Harns. De havenstêd lûkt hieltiid mear ynwenners fan bûten. Der steane ek minder hûzen te keap en dêrtroch binne de fraachprizen heech. De gemeente wol it probleem oplosse troch de realisaasje fan in pear wat gruttere bouprojekten. Oan de Suderhaven wurde op dit stuit lúkse apparteminten realisearre yn kombinaasje mei sosjale wenningbou. Wethâlder Hein Kuiken hopet dat der dêrtroch wer wat mear lucht ûntstiet op de Harnzer wenningmerk. "De woningmarkt is op dit moment booming in Harlingen. Blijkbaar vinden veel mensen dit een aantrekkelijke stad om te wonen." Harns kin dat oan, tinkt de wethâlder, mar hat alle beskikbere wenten wol nedich. "De gemeente zal daarom niet langer meewerken aan de vestiging van nieuwe hotels."

Kuiken fernimt ek dat it geregeld foarkomt dat minsken in hûs keapje as belizzing en net om dêr sels te wenjen. "Ik ben daar geen voorstander van. Maar zolang het wordt gebruikt als woonhuis kan de gemeente daar weinig tegen doen." Renie Koster befestiget de yndruk fan de wethâlder. Sy hat koartlyn har húske njonken de Harnzer fjoertoer te keap set. Se hat al ferskate sjoggers oer de flier hân dy't net fan doel binne om der sels wenjen te gean. "Ik heb daar eigenlijk wel moeite mee. Ik verkoop het veel liever aan mensen die zelf van plan zijn om in het huis te gaan wonen."

Harkje nei wethâlder Hein Kuiken

Trefwurden: 
wenningmerk middenynkommen
(Advertinsje)
(Advertinsje)