Oprop: hoe djoer is in glês kola yn Fryslân? Stjoer dyn foto yn!

24 jul 2019 - 15:55

It moaie waar stiet foar de doar: is it wer drok op de Fryske terassen. Wêr bisto djoer en wêr bisto goedkeap út? Dat wolle wy graach witte. Om in ynsjoch te krijen yn de prizen yn de provinsje is op de redaksje fan Omrop Fryslân it idee ûntstien foar in Kola-Yndeks. Dochsto mei?

Foto: Pexels

Miskien bisto wol bekend mei de Big Mac-yndeks, in helpmiddel om de wearde fan ferskate faluta op 'e wrâld te mjitten. Sa'n burger wurdt yn hast alle lannen wol ferkocht, dêrom is it in moai helpmiddel om de keapkrêft fan lannen mei inoar te ferlykjen.

Yn ús provinsje wurdt der hast oeral wol kola ferkocht. Mar de prizen foar in glês kola kinne nochal útien rinne. Dêrom ús ûndersyk.

Wat kinsto dwaan?

Bisto fan 't wykein of takom wike op in terras yn Fryslân? Meitsje dan in foto fan de drankkaart en stjoer dizze foto nei de Omrop Fryslân-app of set dyn plaatje ûnder ús berjocht op de Omrop Fryslân-Facebookside.

Wy wolle beslist in foto hawwe en ferjit net de namme fan de hoarekagelegenheid en it plak!

Trefwurden: 
kola drankkaart kola-yndeks
(Advertinsje)
(Advertinsje)