Slúfke mei harddrugs fûn yn Vosseparkwyk Ljouwert

19 jul 2019 - 16:39

In bewenner fan de Vosseparkwyk yn Ljouwert fûn freedtemoarn in slúfke mei harddrugs. De frou hat it mei nei hûs nommen en de plysje belle. Dy hat de drugs meinommen en op it buro ferneatige.

It tichte slúfke mei harddrugs - Foto: Facebook

De frou pleatste in foto yn de Facebookgroep fan de Vosseparkwyk. Dêrby skreau se ek dat it ferstannichis om alert te wêzen, hielendal mei it each op boartsjende bern. It slúfke is fûn op de hoeke fan de Spieghelstrjitte en de Anna Bijnsstrjitte.

(advertinsje)
(advertinsje)