Beitske Visser: "Eerste plaats is nog realistisch"

19 jul 2019 - 16:30

"Een eerste plaats? Of dat nog kan? Ja hoor." Autokoereur Beitske Visser is ambisjeus en realistysk tagelyk. Op dit stuit stiet se twadde yn it earste seizoen fan de W Series, de klasse allinnich foar froulju. Dit wykein rydt Visser yn eigen lân. It TT-sirkwy fan Assen is de ien-nei-lêste wedstriid fan dit seizoen.

Op dit stuit is Beitske twadde yn it klassemint. Mar neffens har is it earste plak noch helber. "Jazeker. Er zijn nog tweede races te gaan en Assen is mijn thuiscircuit. Ik verwacht wel dat ik daardoor voordeel heb. Ik ben extra gemotiveerd en ken de baan. Al zal dat laatste niet heel veel uitmaken. De kwalificatie gaat erg belangrijk zijn. Inhalen in Assen is niet zo makkelijk namelijk."

Beitske Visser stiet nei fjouwer fan seis races twadde yn it klassemint. Mei noch twa wedstriden te gean kin se de nûmer ien, Jamie Chadwick, foarby gean.

  1. Jamie Chadwick (Grut-Brittannië) 83
  2. Beitske Visser 73
  3. Marta García (Spanje) 60
  4. Fabienne Wohlwend (Ruslân) 41

Der binne noch twa races te gean. Dizze sneon yn Assen en snein 11 augustus is de lêste race op it sirkwy fan Brands Hatch yn Ingelân. De winner fan in race pakt 25 punten. De nûmer 2 krijt 18 punten en de nûmer 3 moat it mei 15 punten dwaan.

Visser hat tsien punten efterstân op de nûmer ien, Jamie Chadwick. "Of zij beter is? Nou nee, dat gaan we zien. Nog twee races. En het verschil tussen plaats 1 en 2 is zeven punten. Dat kan dus nog. De laatste race is in Engeland, dus dat is weer in Jamie haar voordeel."

De Formule W, offisjeel de W Series neamd, is in inisjatyf om dielname fan froulju oan autokampioenskippen te befoarderjen. Kwa populariteit liket it oant no ta in sukses. "Hier in Nederland merk je dat er meer interesse is. Meer dan dan in de DTM-klasse bijvoorbeeld. Dat had men ook echt niet verwacht. De media-aanvragen zijn gigantisch. Ik kan nog normaal over straat, maar ik word wel meer herkend." Beitske wennet yntusken yn Oppenhuzen. Foarhinne wenne se yn Dronten, har heit wurke doe by in garaazje yn Lelystêd. "Maar ondertussen zijn we bijna drie jaar terug in Fryslân."

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

Autokoereur Beitske Visser

Visser is no 24 jier. De Formule 1 is dêrtroch fier fuort. Dêrom rjochtet se har foarearst op oare ambysjes: "De DTM of Formule E. Dat is wel realistisch." De Formule 1 liket wat fierder fuort. Net iens sa bot fanwege har kwaliteiten. "De Formule 1 moet je ook willen. Je moet veel geld meenemen en dat heb ik niet."

De Formule E is de klasse mei elektryske auto's en de DTM is de Deutsche Tourenwagen-Masters. Dy klasse wurdt sjoen as de Formule 1 fan de toerauto's. De Formule W is dêr no ek ûnderdiel fan. Yn itselde wykein wurde de races fan sawol de Formule W as de DTM riden.

Dit wykein is sneon de race dy't meitelt foar it klassemint. Snein is in ekstra wedstriid. Dizze telt net mei foar it klassemint. De koereurs begjinne de race dan oarsom. Dejinge dy't as sneon as earste einiget, begjint snein as lêste.

  • Freed:

Frije training

  • Sneon:

9.30-9.55 Kwalifikaasje W Series

10.15-10.35 Kwalifikaasje DTM

13.30 DTM Race 1

16.10 W Series race

  • Snein:

09.00 W Series race

(Advertinsje)
(Advertinsje)