Bysûndere argeologyske fynst dien op 'e terp fan Ie

By riolearringswurk op de terp yn Ie is in bysûndere stien út de iere midsiuwen fûn. It giet om in 18 sintimeter lange slyp-wetstien. Dy waard brûkt om messen, bilen en swurden skerper te meitsjen.
De stien dy't yn Ie fûn is © Gemeente Noardeast-Fryslân
De stien waard fûn troch argeolooch André Pleszynski van MUG Ingenieursbureau út Leek, dy't stipet by de wurksumheden argeologysk. Oan de stien is dúdlik te sjen dat er brûkt is. Ek sit der in gat yn, dat brûkt wurde koe om de stien oan in riem te hingjen.
"Het komt niet vaak voor dat er complete wetstenen van dit formaat worden gevonden," seit Pleszynski. Yn it Rijksmuseum voor Oudheden yn Leiden leit in ferlykbere stien, mar die is minder grut as de stien út Ie.
Argeolooch André Pleszynski van MUG Ingenieursbureau