Bouwmeester stiet njoggende op WK nei 'mar' ien race

19 jul 2019 - 15:53

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei de earste dei op de WK Laser Radial yn it Japanske Sakaiminato op it njoggende plak. Yn har race kaam Bouwmeester as fiifde oer de streek, wêrmei't se yn it kombinearre klassemint njoggende stiet. Mirthe Akkerman stiet 33e.

Marit Bouwmeester - Foto: ANP

De wedstriden waarden freed fanwegen it waar hieltyd útsteld. Uteinlik koe der mar ien - ynkoarte - race syld wurde. Sneon en snein steane no trije, yn plak fan twa wedstriden op de aginda.

Bouwmeester is ien fan de favoriten foar de titel. Yn 2011, 2014 en 2017 waard se wrâldkampioen. Ferline jier waard se twadde op de WK en ek dit jier pakte se flink wat twadde plakken, lykas op de EK yn Porto. Fan tefoaren kundige Bouwmeester oan dat it no mar ris dien wêze moast mei dy twadde plakken.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester WK sile
(advertinsje)
(advertinsje)