Gemeente kontrolearre op illegale saken bedriuweterrein Flylân

19 jul 2019 - 15:50

De gemeente Flylân siket de eigeners fan in tal auto's en materialen dy't útstald steane op it bedriuweterrein op it eilân. Ferline wike hat de gemeente in kontrôle op it terrein dien, dêr't by sjoen waard nei it delsetten fan de auto's en materialen op of by de iepenbiere dyk. Dat is nammentlik ferbean.

It terrein mei bedriuwen op Flylân - Foto: Google Street View

Flylanners krigen dêrnei fiif dagen de tiid om harren eigendommen fuort te heljen. Fan 'e wike is op 'e nij kontrolearre en doe die bliken dat in grut diel fan de auto's en materialen fuorthelle is. Eigeners fan saken dy't der noch wol steane, kinne in skriuwen fan de gemeente ferwachtsje mei de oankundiging fan in twangsomme.

Trefwurden: 
gemeente Flylân bedriuwen
(Advertinsje)
(Advertinsje)