Flaggen fan It Amelân binne rôversguod op it eilân

19 jul 2019 - 14:37

Op It Amelân wurde wer flaggen stellen, benammen dy fan hoarekabedriuwen. Ferline jier wie dat ek al it gefal, benammen de giel-blauwe flagge fan it eilân sels is populêr. Yn de nacht fan tongersdei op freed waarden der twa flaggen stellen út in mêst yn Buren en ek yn Nes wie it twa kear raak.

In flaggemêst - Foto: ANP

De Amelanner plysje is ekstra alert en freget de bewenners fan it eilân om fertochte situaasjes te melden.

Trefwurden: 
It Amelân flagge
(advertinsje)
(advertinsje)