Feestboaten Grou moatte takom jier nei in oar plak

19 jul 2019 - 13:16

De diskoboaten mei feestende jongerein dy't altyd by de start fan it SKS skûtsjesilen yn Grou op de hoeke fan de Hellingshaven lizze, moatte takom jier nei in oar plak. Nije wike, as it skûtsjesilen begjint, lizze se dêr foar it lêst.

It wenningbouplan oan de Minne Finne en Hellingshaven yn Grou - Foto: Makelaardij Hoekstra

Takom jier moatte de boaten oan de westelike kant lizze, sa'n 50 meter fierderop. De diskoboaten moatte der wei omdat der wenningen boud wurde op de Minne Finne en oan de Hellingshaven. Der is al úteinset mei it bouplan, dêr't meiinoar fyftjin huzen komme.

Trefwurden: 
Grou ponton feestboat partyboat
(advertinsje)
(advertinsje)