Ferfytse op Skylge? Net mei dizze nije poddestuollen

Hoewol't in soad minsken tsjintwurdich gebrûkmeitsje fan digitale navigaasje, is der noch altyd ferlet fan poddestuollen op fytspaadkrúspunten, sa stelt de gemeente Skylge. Dêrom binne de bekende poddestuollen fan de ANWB yn in modern jaske stutsen en steane der op it eilân no 39 nije paadwizers.
ûntbleating fan de Skylger poddestuollen © Omrop Fryslân
De lêste nije poddestoel op Skylge waard tongersdei troch wethâlder Jeltje Hoekstra ûntbleate. It ferfangen fan de poddestuollen is ûnderdiel fan in grutter projekt: 'Op Terschelling overal en altijd geïnformeerd'. Yn dat projekt wurkje de gemeente, Staatsbosbeheer en VVV Terschelling gear oan in goede ynformaasjefoarsjenning.
Ek de bebuording foar auto's wurdt ferbettere. Mei-inoar kostet it projekt 50.000 euro. De helte dêrfan komt út in subsydzjepot fan de provinsje.