SC Hearrenfean oefenet tsjin kontraktleaze fuotballers

19 jul 2019 - 11:27

SC Hearrenfean hat in ekstra oefenduel oan de tarieding op it nije seizoen taheakke. Tiisdei spilet de ploech fan trainer Johnny Jansen om 19.00 oere yn Langsweagen in freonskiplike wedstriid tsjin Team VVCS, in alvetal besteande út kontraktleaze fuotballers.

Lucas Woudenberg fan SC Hearreanfean - Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid op Sportpark 't Paradyske wurdt spile oer trije kear tritich minuten. De tagong foar publyk is fergees. It is foar SC Hearrenfean it ien nei lêste duel fan de tarieding. No sneon oefenet de Fryske earedifyzjonist thús tsjin it Dútske FC St. Pauli, in wike letter wurdt de tarieding ôfsletten yn en tsjin Sunderland.

Team VVCS

De ploech fan Team VVCS bestiet út fuotballers dy't net by in profklup ûnder kontrakt steane, mar dat wol graach wolle. Troch it spyljen fan oefenwedstriden hoopje sy harren yn de kiker te spyljen. Ien dy't yn de foarige wedstriid fan Team VVCS meidie, is âld-SC Cambuurspiler Nino van den Beemt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)