Offalprobleem Amsterdam diels oplost troch Fryslân

De problemen mei de Amsterdamse ôffalferwurker AEB smyt Omrin ekstra wurk op. It Fryske bedriuw sil oant de ein fan it jier alle wiken 500 ton smoargens út Amsterdam ferwurkje.
Offalprobleem Amsterdam diels oplost troch Fryslân Omrin
By de Amsterdamske ôffalferwurker bliuwt in soad smoargens lizzen, omdat fjouwer fan de seis ferbrâningsovens troch problemen stillizze. Dat ôffal wurdt no ferwurke troch oare bedriuwen yn Nederlân.
De 500 ton dy't Omrin ferwurkje sil op de lokaasje op It Hearrenfean is ek it maksimum dat organisaasje der by hawwe kin. 500 ton is tsien prosint fan wat Omrin alle wiken op It Hearrenfean ferwurket.
Op it Hearrenfean wurdt sa'n 500 ton ôffal ferwurke út Amsterdam
Offalskieding © Omrop Fryslân