Plysje slein op Saailân yn Ljouwert

11 nov 2011 - 10:06

In plysje hat tongersdeitenacht by fjochterij op it Saailân yn Ljouwert klappen krigen.Twa groepen jongerein hiene by it gerjochtsgebou spul krigen. Doe't de plysje se út-inoar helje woe, sloech in 18-jierrige jonge út Hoorn ta. Hy is meinaam nei it buro.

Letter dyselde nachts krigen beide groepen wer rûzje mei-inoar. Dat kaam safier dat in man fan 20 jier út Feanwâlden in brutsen noas oprûn. Twa jonges út Hoorn en ien út Ljouwert binne oanhâlden fanwege de fjochterij.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)