Omsetgroei foar fytsefabryk Accell op It Hearrenfean

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat syn omset yn de earste helte fan dit jier flink groeien sjoen. Dat docht bliken út de healjiersifers.
© Omrop Fryslân
De groei is benammen te tankjen oan de noch hieltyd tanimmende fraach nei elektryske fytsen, mar ek bakfytsen binne populêr. De omset gie mei rom sân prosint omheech. Under oare yn Dútslân, Eastenryk en Switserlân koe it bedriuw groeie. Dit hie ûnder oare te krijen mei de yntroduksje fan nije fytsen fan de merken Haibike en Ghost.
It fytsefabryk docht it net oeral goed, yn Amearika wie der in legere omset. It slagget Accell mar net syn posysje dêr te ferbetterjen.