Bern fermeitsje har prima op Skylger simmerkamp... sûnder Instagram en Snapchat

19 jul 2019 - 09:01

It sil by in soad húshâldingen de kommende fakânsje in striid wêze: de mobyl minder yn de hân en mear genietsje fan it hjir en no. Bern (mar fansels ek âlden) binne hieltyd faker ferslave oan harren smartphone. Mar eefkes gau whatsapp of Snapchat tsjekke sit der net yn foar de bern dy't dizze wike meidogge oan it simmerkamp fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Se binne in dizze wike 'mobylfrij'.

Foto: ANP

In groep bern fan tsien en alve jier moat it sûnder mobyltsje dwaan. De maatregel is naam om de ûngelikens tusken bern mei en bern sûnder telefoan op te heffen, mar it helpt ek tsjin de ûnwennigens fan de bern, seit Gosse Pier Hiemstra fan de lieding.

"Wy hiene de telefoan der sawiesa oerdeis al net by", sa fertelt Hiemstra. "Jûns wie der in heal oere dat se mei de telefoan mochten." De organisaasje hie benammen lêst fan appende âlders, dy't fregen oft de bern harren al misten. "Wy hiene it gefoel dat it de ûnwennigens yn de hân holp."

Sosjaler

Se sitte no al in wike sûnder telefoan en dat giet oant no ta hiel goed. "Wy fernimme dat se sosjaler nei inoar binne." Guon âlden hiene der earst wol wat muoite mei, doe't der sein waard dat de telefoan folslein thúsbliuwe moast. Mar doe't de groep ferline wike yn Harns by de boat stie, hie úteinlik net ien de smartphone mei.

Opfallend is dat de lieding minder wurk fan de bern hat, no't se gjin mobyl mei hawwe. Se fermeitsje har wol, en hawwe minder problemen mei ûnwennigens. De lieding ûnderhâldt no it kontakt mei de âlden, en jout saken troch as se wichtich binne.

En ek de bern sels kinne it wol wurdearje dat se de telefoan no net konstant derby hawwe. "Ik fyn it superleuk omdat ik no mei bern bin dêr't ik mei boartsje kin", fertelt ien fan harren. "En ik haw minder heimwee."

"Ik mis de telefoan net omdatst dwaande hâlden wurdst", sa fertelt in oar. "Hast hielendal gjin tiid om de telefoan te missen, want we dogge allegearre spultsjes ensa."

Mar as se thúskomme witte se wol wat se as earste dwaan sille: "Dan pakke we de telefoan!"

(advertinsje)
(advertinsje)