Túnsintrum moat ticht op snein

03 jul 2012 - 15:07

Túnsintrum Bontebok yn Jonkerslân mei op snein net iepen. Dat ha b.en w. fan Opsterlân bepaald. It kolleezje docht wat de gemeenteried besletten hat. De winkels meie in pear kear yn 't jier iepen, mar net alle sneinen.

Meiwurkers fan it túnsintrum ha b. en w. yn in brief frege om rekken te hâlden mei de belangen fan it bedriuw. Se binne benaud dat der banen ferdwine fanwege krisis en konkurrinsje. As túnsintrum Bontebok dochs op snein iepengiet kostet dat it bedriuw 5000 euro foar eltse snein. It brief fan 'e meiwurkers hat net holpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)