Kollum: "De Onnie's"

19 jul 2019 - 08:21

"Fannemiddei is it lêzersfeest en de presintaasje fan myn nije boek 'De Onnie's en it hynstebal'. De Onnie's kamen samar te foarskyn yn 'Wyn fan feroaring', dat giet oer it skûtsjesilen. Johanna Kamstra gie nei jierren wer in kear nei har âlden ta en doe ynienen stie se dêr by it oanrjocht; Connie Kamstra.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

Se prate Ljouwerters en wie eins wat tsjin it asosjale oan. Mar al gau die bliken dat ûnder al dy bravoer in goed hert siet en in absurd gefoel foar humor. Se hie ek in twillingsuster: Bonnie. En se wiene wol gauris oan it bekfjochtsjen. Connie wie troud mei Joop en Bonnie mei Peter. Dy beide manlju hiene it bytiden dreech om de Onnie's yn betwang te hâlden.

En sûnt dy tiid wenje se yn myn holle en yn myn hert want sa't sy yn it libben steane, stiet garant foar de meast maffe sitewaasjes en se hawwe nea de snút ticht. Sadree't ik der foar sitten gean, prate se en dat skriuw ik op. En it komt regelmjittich foar dat ik dûbeld lis om alle nuvere útspraken en fratsen. Mar it bart ek wol dat se begjinne te eameljen as ik der mei de hunen út bin of sa. As ik dan wer thús kom, skriuw ik as de bliksem op wat se allegearre sein hawwe want it soe skande wêze as ik it ferjitte soe.

En sa wurket it dus by my, as skriuwster. Der barre dingen dy't ik faak sels net yn 'e hân haw en dan jou ik my mar oer oan it kreative proses en sjoch ik wol wêr't it op útdraait. It is wol apart, want wylst it boek eins al ôf wie, skeaten my allegearre dingen yn 't sin, sa as; Hast dit stikje wol goed beskreaun? Kloppet dat wol? En doe't ik ôfrûne sneon miende dat ik lang om let klear wie, waard ik sneintemoarns wekker mei it idee; Hast it wol goed dien mei dy gespen?

'Gespen?' Ik moast efkes goed neitinke en yn it boek blêdzje wêr't it ek alwer stie. Mar doe't ik de side fûn hie, stie der 'gaspen' ynstee fan 'gespen' en dêr hawwe wy allegearre oerhinne lêzen. En 'we' binne trije persoanen, dus wa't no dy nûmer fjouwer west hat, is my in riedsel mar ik bin dyjinge wol tankber.

En no is it boek klear. Dat is altyd wol wat in nuvere gewaarwurding omdat ik der bêst wol lang mei omrûn haw. Tinke, skriuwe, skrasse, dingen opsykje en feroarje, wer skrasse en nochris skrasse. En úteinlik haw ik it sa faak lêzen dat ik der sels flau fan bin. Want ik lês it net foar de ûntspanning, mar om te sjen oft der gjin fouten yn sitte en it ferhaal kloppet. Dat is ynearsten gewoan in Word-bestân op de kompjûter en letter in útdraai op papier.

Mar sadree't ik it proefboek yn hannen krij, mei de omslach en dikker papier, dan is it ynienen hiel oars. Ik kin der dan mei mear rêst foar sitten gean omdat it in echt boek is. In boek dat noch mar troch in pear minsken lêzen is en ek al seit myn útjouster Jitske dat it goed is, ik wurd dan altyd wol wat ûnseker.

Want wat soene se der fan fine? Hawwe de lêzers krekt sa'n wille om de Onnie's as ik hân haw? Der is ien dy't it boek yntusken al opfretten hat en dat is Timmy! Hy hat it stikem fan 'e tafel krigen en fûn it ferskuorrende moai. Der is neat fan oerbleaun en ik hoopje dat der aanst mear fan sokke lêzers binne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)