Marrekrite is langlizzers sêd en wol mear foech

19 jul 2019 - 07:24

De Marrekrite wol yn de takomst ek sels optrede tsjin boatsjeminsken dy't har net oan de regels hâlde. It systeem fan de fergeze lisplakken yn de natuer, is sa regele dat in boat net langer as trije dagen op in plak lizze mei. Der is lykwols in lytse groep dy't har dêr net oan hâldt.

Ek op de Feanhoop is dat in probleem: in groepke boatsjeminsken leit wikenlang op itselde plak. De gemeente Smellingerlân hat no oankundige dat sy hjir tsjin optrede sille. De Marrekrite krijt geregeld klachten fan minsken dy't der argewaasje fan hawwe dat guon plakken wikenlang beset binne.

Lourens Touwen fan de Marrekrite fynt it skandalich dat minsken misbrûk meitsje fan it systeem. De Marrekrite is unyk yn Nederlân en it systeem wurket allinnich mar as de plakken net te lang beset hâlden wurde.

It is no sa dat de gemeenten tafersjoch hâlde moatte, mar dy sjogge dat net altyd as in prioriteit. "Het is een dom probleem maar het ergert ons al jaren", seit direkteur Touwen. Dêrom wolle sy besjen oft it mooglik is om sels de hanthavening te dwaan mei spesjale amtners.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)