Brânwacht ynskeakele foar grutte heabrân Wergea

19 jul 2019 - 06:23

In skuorre mei hea oan de Foudering yn Wergea is yn de nacht fan tongersdei op freed folslein ôfbaarnd.

Foto: De Vries Media

Op it momint dat de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út it dak. De brânwacht hat it fjoer blust, mar is noch wol efkes dwaande mei neiblussen. Der waard ûnder oare in heechwurker en in grut wettertransport ynset.

Krekt njonken de heaskuorre stie in stâl mei kij, dizze is net troch de brân rekke. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend.

Trefwurden: 
brânwacht Wergea heabrân
(Advertinsje)
(Advertinsje)