Maarten van der Weijden hat fan syn opbringst goed 6,1 miljoen oermakke

18 jul 2019 - 21:57

Maarten van der Weijden liet tongersdei fia syn sosjale media witte dat hy de earste trije oerboekingen dien hat fan de opbrengst dy't hy byinoar swommen hat mei syn Swimalvestêdetocht. Byinoar hat hy goed 6,1 miljoen euro oermakke. Dêrfan giet goed 4,4 miljoen euro nei stichting KWF Kankerbestrijding, mear as 1,1 miljoen nei Stichting Kinderen Kankervrij en hast 560.000 euro nei Stichting Roparun, in estafetteloop wêrmei't der jild sammele wurdt om it libben fan minsken mei kanker wat nofliker te meitsjen.

De oerboekingen fan Maarten van der Weijden - Foto: Omrop Fryslân

By de huldiging fan de Alvestêdeswimmer yn syn wenplak Waspik makke Van der Weijden bekend dat hy doe eksakt 6.125.967,25 euro ophelle hie. Fan dat bedrach hat hy no dus 6.100.703 euro oermakke oan de trije stichtingen dy't eat tsjin kanker besykje te dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)