Komt de basisskoalle fan Tytsjerk mei in doarpssintrum ûnder ien dak?

It kolleezje fan Tytsjerksteradiel sil útsykje oft der in nije basisskoalle boud wurde kin yn Tytsjerk. Yn 2018 binne de iepenbiere en kristlike skoalle fusearre, mar it hjoeddeistige gebou fan de âlde iepenbiere skoalle is te lyts. Der moat in nij skoalgebou komme, en neffens it doarp soe dat ûnder ien dak komme moatte mei in nij te bouwen multyfunksjoneel doarpssintrum.
De hjoeddeistige skoalle yn Tytsjerk © Google Street View
Nei de fúzje binne de basisskoallen OB Master Fennemaskoalle en CBS It Lemieren fierder gien ûnder de namme De Romte, ûnder de paraplu fan Stichting Openbaar Primair Onderwijs Furore. De learlingen giene nei it skoalgebou fan de eardere iepenbiere skoalle ta, mar dat is eins te lyts foar it tal learlingen en it pân is boppedat ferâldere.

Hannen ynien

Doarpsbelang Tytsjerk sjocht graach dat alle foarsjenningen fan it doarp ûnder ien lokaasje komt. Dêrom wol it doarpsbelang mei doarpshûs Yn 'e Mande, de pjutte-opfang en de skoalle gearwurkje. It nije skoalgebou soe in 'MFC' wurde moatte, in multyfunksjoneel sintrum.
It kolleezje hat 10.500 euro besikber steld foar it ûndersyk nei in nij te bouwen skoalle. De oare 10.500 euro dy't nedich is, wol it doarpsbelang út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje helje.