Tönjann en De Vries werom by basketbalklup Aris

Twa âld-spilers komme werom by basketbalklup Aris yn Ljouwert: it giet om Torben Tönjann (25) en Björn de Vries (19). Tönjann spile yn it seizoen 2016-2017 foar de klup en De Vries wie ôfrûne seizoen ek by Aris, mar hy gie doe foartidich fuort.
Torben Tönjann © Omrop Fryslân
Tönjann spile de lêste twa seizoenen yn it bûtenlân en hy waard yn 2017-2018 kampioen mei de Panthers Villingen-Schwenningen yn it Dútske Regionalliga. Mar ek yn it ôfrûne seizoen waard hy kampioen, op Sisylje by Cestistica Torrenovese yn de Italiaanske Searje C.
Björn de Vries spile nei Aris in skoftke foar Murcia yn Spanje. Beide manlju besette de posysje fan forward yn it spul.