Dongeradiel makke flaters by iepenbier meitsjen stikken Sinteklaasyntocht

18 jul 2019 - 20:18

De gemeente Dongeradiel hat by it frijjaan fan de stikken oer de Sinteklaasyntocht fan 2017 flaters makke. Op de sitting fan de beswierskriftekommisje fan Noardeast-Fryslân waard tongersdei dúdlik dat de gemeente fergetten wie om dielen fan in ferslach fan in fertroulik oerlis ûnlêsber te meitsjen. De gemeente hat hast it folsleine ferslach sûnder ûnlêsbere dielen takomme litten oan de Jongfryske Mienskip, mar net oan oare partijen dy't in WOB-fersyk by de gemeente yntsjinnen.

Douwes by de beswierskriftekommisje - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Jenny Douwes fan de Jongfryske Mienskip is bliid mei de ynformaasje dy't ûnbedoeld frijjûn is, want dy kin se goed brûke by it heger berop dat de blokkearfriezen yn septimber hawwe tsjin de feroardieling ta taakstraffen foar it blokkearjen fan de dyk by De Jouwer op de dei fan de Sinteklaasyntocht. Douwes krige sels in neffens har 'absurd hege' taakstraf fan 240 oeren oplein en wol dy straf oanfjochtsje.

Soargen oer de feiligens

Yn it ûnbedoeld iepenbier makke ferslach fan in gearkomste fan de feiligenstrijehoek - it geregelde oerlis fan boargemaster mei plysje en justysje - fan novimber 2017 stiet bygelyks dat de bestjoerders harren soargen meitsje oer de feiligens by de yntocht. Ek falt te lêzen dat by it oerlis sprutsen is oer 'de driging op in terroristyske oanslach of grutskalige oarderfersteuring'.

Jenny Douwes oer de sitting by de beswierskriftekommisje

De Jongfryske Mienskip easke op de sitting fan de beswierskriftekommisje dat de gemeente no mear ûnlêsber makke dielen út de stikken oer de Sinteklaasyntocht iepenbier makket. Douwes is bygelyks tige nijsgjirrich nei de ûnlêsber makke dielen fan de oare ferslaggen fan it trijehoeksoerlis fan âld-boargemaster Waanders mei fertsjintwurdigers fan plysje en justysje.

Brûkbere ynformaasje

Douwes tinkt dat har riedsman Tjalling van der Goot dy ynformaasje hiel goed brûke kin by it heger berop fan de blokkearfriezen. Douwes ferwachtet sels by it heger berop folle sterker te stean, om't se no swart op wyt oantoane kin dat ek de autoriteiten harren grutte soargen makken oer de feiligens by de Sinteklaasyntocht.

De fertsjintwurdiger fan de gemeente liet op de sitting witte dat de ynformaasje ûnterjochte frijjûn wie om't it om 'persoanlike beliedsopfettingen' gean soe. De beswierskriftekommisje mei boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân no advisearje oer it wol of net frijjaan fan mear ûnlêsber makke ynformaasje.

Dit stik hie fertroulik bliuwe moatten - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)