Ried fan Steat gear oer gaswinning Pitersyl, krekt oer de grins by Burum

Provinsje Grinslân en gemeente Westerkwartier stappe nei de Ried fan Steat tsjin it beslút fan minister Wiebes om by Pitersyl gas te winnen. Dat doarp leit krekt oer de grins fan Noardeast-Fryslân, sa'n bytsje tusken de Fryske plakken Burum en Healwei. Fanwege de plannen gie Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân yn 2018 al yn protest, om't it gasfjild mar krekt oer de grins leit en it ek foar dizze gemeente konsekwinsjes hawwe kin.
Protest by Warfstermûne yn 2017 © ANP
Yn juni joech de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat tastimming foar de gaswinning yn Pitersyl-East. Dêrneist kundige hy oan dat der ek 'fracking' komme mocht. Dat is in metoade fan hydraulysk kreakjen mei gemikaliën, om út de djippere grûnlagen gas helje te kinnen. Dy metoade leit gefoelich, provinsje Grinslân en gemeente Westerkwartier binne it dan ek net iens mei minister Wiebes.
Ek in alftal doarpsbelangen út de omjouwing geane yn berop. It gasfjild is oanboarre by Warfstermûne yn Noardeast-Fryslân. Doe't dêr yn 2015 boarre wurde, is it gasfjild ûntdutsen. It fjild hat sa'n 300 miljoen kúb gas. De NAM krige yn 2018 tastimming fan Wiebes om dêr te boarjen.