Opsterlân pakt ikeprosesjerûp oan mei spesjaal oplate meiwurker

De gemeente Opsterlân pakt de bestriding fan de ikeprosesjerûp op. De gemeente is dêroer yn petear mei ferskate bedriuwen dy't spesjalisearre binne yn de bestriding fan de rûp. Fierder is der in eigen meiwurker dy't oplaat is foar de bestriding fan it bistje.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
De gemeente docht dat om't it tal nêsten fan de ikeprosesjerûp yn de gemeente bot tanaam is. Hierkes fan de rûp soargje by minsken foar jokte en reade bultsjes. De oanwêzichheid fan de ikeprosesjerûp is goed te sjen oan de oanfretten blêden fan beammen. Ek oan de rûpen sels; dy krûpe achter elkoar oan (yn prosessy). De rûpen sitte yn nêsten by elkoar yn de beammen.

Eigen bestrider

De gemeente hat yn de ôfrûne wiken al ferskate nêsten opromme. Yn it ramt fan de folkssûnens wolle se dêr de kommende tiid mei trochgean. Troch de grutte fraach nei de bestriding fan de nêsten hat de gemeente ek in eigen meiwurker oplaat ta bestrider. Fan takom moandei ôf sil dizze oan it wurk gean. Prioriteit hat it fuortheljen fan nêsten by swimbaden, skoallen en sportfjilden.
De gemeente ropt ynwenners op om net sels oan de slach te gean mei de bestriding, om't dat skealike gefolgen ha kin foar de natuer. Om de kânsen op in útbraak takom jier lytser te meitsjen, is de gemeente dwaande mei it pleatsen fan fûgelnêsten foar blokmiezen.