Otto van der Galiën hat krityk op it festivalbelied fan gemeente Ljouwert

18 jul 2019 - 18:13

Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan Lijst 058 hat fûle krityk op it festivalbelied fan de gemeente Ljouwert. Tongersdei waard bekend dat Psy-fi takom jier net mear yn it Griene Stjer-gebiet holden wurdt. En neffens Van der Galiën binne der ek 'sterke geroften' dat Welcome to The Village in oanbod krigen hat fan it doarp Oranjewâld. Dat festival krige tiisdei te hearren dat it in oere minder duorje mei. "It kolleezje hie dit probleem flugger en adekwater oanpakke moatten, it hat te lang lein. As it sa lang duorret en der jier op jier in rjochtsaak is, dan moatst der as gemeente ek tûker yn stean."

Otto van der Galiën - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De fraksjefoarsitter fan Lijst 058 is net wiis mei it fuortgean fan Psi-fy. "It is tige spitich, want der komme sa'n 14- oant 15.000 minsken. De oerlêst foar de buert is minimaal en hoareka en winkels profitearje derfan, dus ek ekonomysk sjoen is it in minne saak dat Psy-fi fuortgiet," seit Van der Galiën.

Festivalbelied kaam te let

Van der Galiën is tige kritysk op it kolleezje fan Ljouwert. "It kolleezje kaam ôfrûne wike mei festivalbelied, mar eins is dat fierstente let. It gedoch duorret al jierren. Eltse kear binne der wer rjochtsaken, dat kostet jild en de rjochter beslist eltse kear wat oars. It sjit net op," jout hy oan.

No kin wethâlder Sjoerd Feitsma ek net feroarje oan in útspraak fan de rjochter, jout Van der Galiën ta. "Minsken hawwe ek it rjocht om in rjochtsaak oan te spannen. Mar it spilet al jierren en hieltyd mei itselde groepke minsken, dêr soene jo dochs útkomme moatte."

Mar stel de wethâlder kin it festival behâlde foar Ljouwert, mar der soe mear subsydzje nei it festival moatte? "Dat binne as-dan fragen. Wy hawwe ek frege om dúdlikens oer de kosten. Wy hawwe in fertroulik listje krigen mei alle kosten, en wy binne derfan skrokken wat de gemeente kwyt is oan prosedueren. Ik wol helderens oer de kosten en nei de simmer graach yn petear."

Welcome to The Village nei Oranjewâld?

Neffens Van der Galiën siet it beslút fan de organisaasje fan Psy-fi der al oan te kommen. "De festivals hawwe al in pear jier drige om fuort te gean," seit hy.

It ferhaal fan Psy-fi stiet net op himsels, seit hy. De fraksjefoarsitter fong 'sterke geroften' op dat Welcome to The Village nei Oranjewâld wol. "Dat sit fansels noch yn it sirkwy fan geroften, mar Psi-fy hat de stap makke en dat kin it ek makliker meitsje foar oare festivals om fuort te gean. As der in oanbod leit fan in oar plak..."

Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan Lijst 058

(advertinsje)
(advertinsje)