Huhtamaki hat nije fêstiging yn Ljouwert

18 jul 2019 - 17:33

Huhtamaki hat op yndustryterrein de Hemrik yn Ljouwert in nije fêstiging iepene. It is de twadde lokaasje yn Fryslân. Oant no ta wie it bedriuw allinnich yn Frjentsjer te finen.

Foto: Google Streetview

Huhtamaki hat fêstigingen oer de hiele wrâld, der wurde masines ûntwikkele en makke foar de produksje fan ferpakkingsmaterialen foar iten. It kantoarpersoniel fan Huhtamaki yn Frjentsjer sit sûnt twa wiken op de nije lokaasje.

De produksje yn Frjentsjer bliuwt bestean, yn Ljouwert komt in ôfdieling foar research en ûntwikkeling. Yn totaal giet it om in útwreiding fan 6.000 kante meter.

Der wurdt no noch wurke om de romte foar de masines oan te passen en yn te rjochtsjen. Yn oktober sil alles yn bedriuw wêze. Huhtamaki hat ek keazen foar in fêstiging yn Ljouwert omdat sy ferwachtsje goed en geskikt personiel fine te kinnen.

Trefwurden: 
Ljouwert Huhtamaki
(Advertinsje)
(Advertinsje)