Hoe hâldst jongerein yn Fryslân? Op Welcome to The Village prate se deroer

18 jul 2019 - 17:25

Op it Ljouwerter festival Welcome to The Village, dat dizze tongersdei begjint, is net inkeld muzyk, mar ek omtinken foar polityk. Om benammen ek jongeren by de lokale polityk te belûken, is Tienskip dêr ek om mei politisy en jongerein te praten oer 'Friesland 2038'.

2038: Tienskip x WTTV - Foto: Welcome to the Village

Jeppe Kok fan Tienskip: "Nu staat de braindrain centraal: hoe kunnen we voorkomen dat Friese jongeren de provincie verlaten en niet terugkeren. Dus we vragen de jongeren wat Friesland in 2038 moet bieden, als ze hier willen blijven. De meeste jongeren hebben geen idee hoe ze zelf invloed kunnen uitoefenen of dat je een raadslid kun je benaderen met een vraag. Ons doel is om de kloof te dichten en mensen met elkaar in contact te brengen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Jeppe Kok hat Tienskip mei in freon in pear jier lyn betocht as Profylwurkstik foar skoalle. "Lutz Jacobi heeft ons heel erg geholpen en we konden zelfs bij Plasterk op bezoek en toen moesten we wel een plan schrijven. "

Mei Tienskip ha se it ôfrûne jier acht projektdagen dien op middelbere skoallen en 800 learlingen in spoedkursus polityk jûn. "Je leert op school uit een boekje de theorie, maar hoe pak je praktisch een probleem aan."

Willem de Vries is by Tienskip

In stik as 50 minsken prate yn groepkes oer ferskate tema's. "We hoopje op konkrete plannen. Mar minsken prate no al mei elkoar dy't oars net mei elkoar prate soenen."

Ien fan de dielnimmers is studint Gerben: "We praten over onderwijs, hoe dat beter geregeld kan worden zodat mensen niet naar Groningen of de Randstad hoeven voor werk of opleiding."

In meiwurker fan de gemeente Ljouwert is wol te sprekken oer de foarm. "It is wol orizjineel, dizze foarm wurket wol."

Ek de fraksjefoarsitter fan Forum voor Democratie, Maarten Goudzwaard, is derby. "It is in goed idee, ik bin bliid mei dit inisjatyf."

(Advertinsje)
(Advertinsje)