Rubberkerrels kinne dochs risiko's foar sûnens wêze: by FVC is der gjin panyk

18 jul 2019 - 17:01

Bern rinne mear risiko troch it sporten op keunstgers as it RIVM foarkommen die. It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu hie earder sein dat de risiko's 'verwaarloosbaar' binne. Fjouwer heechleararen ha no lykwols sein dat dy konklúzjes 'voorbarig' west ha. Se sizze fierder dat bern sa goed mooglik beskerme wurde moatte by en nei it spyljen op keunstgers.

Foto: Henk Bootsma

By fuotbalklup FVC yn Ljouwert ha se ek keunstgers. En dêr spilet ek in protte jeugd. Wim Wiegers fan de klup is net bot ûnder de yndruk fan it nijs.

"Mijn eerste reactie was: er moet weer wat worden geroepen. De risico's worden waarschijnlijk groter voorgedaan, maar we realiseren ons dit al de laatste twee jaar en weten dat er bepaalde risico's zijn. Dus zeggen we dat mensen na het sporten moeten douchen, dat ze de korrels niet moeten opeten en als ze smerige handen hebben van het rubber dat men niet de vingers in de mond moet stoppen."

Hy wol net fan panyk sprekke. "Er zijn veel velden in ons land en als de jeugd niet meer kan sporten heeft dat grote impact. Ik ga ervan uit dat ouders hun kind in de gaten houden, net als dat trainers dat doen."

Neffens him komt it nijs in moanne te let, want no fuotballet net ien mear. "We nemen geen extra maatregelen, maar zullen ons advies wel weer bovenaan de website plaatsen."

Wim Wiegers fan FVC (Friesche Voetbal Club) yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)