Wethâlder Feitsma net bliid dat Psy-fi út Ljouwert ferdwynt

18 jul 2019 - 16:41

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert is net bliid dat it festival Psy-fi út it Griene Stjer-gebiet fuortgiet. "It momint kaam as in ferrassing, want wy hiene as gemeente fansels al kontakt mei de organisaasje om ris te sjen: kin it noch takom jier? Dêr is ek oer e-maild, mar der wie noch net in ôfspraak makke. Dat oanbod hawwe wy wol dien, mar dêr is net op yngien. Dus ik fyn it wol skande dat it ynienen sa definityf is, mar sy meitsje sels de kar en as it út is, is it út."

Lêste jier foar festival Psyfi yn it Griene Stjergebiet

Feitsma tinkt wol dat de organisaasje fan it festival serieus is mei it beslút. "Ik gean der fanút dat dit de lêste kear is ein augstus. Dat is skande want wy hawwe as kolleezje krekt in nota foar eveneminten makke en nei de ried ta stjoerd en dêr stiet Psy-fi just yn as evenemint dat wy behâlde wolle fanwege it ynternasjonale karakter," jout Feitsma oan.

Betingsten itselde

Neffens de wethâlder wiene de betingsten foar it hâlden fan it festival eins itselde as dy fan it ôfrûne jier. "Der is eins net in soad feroare as it giet om de tiden, de lûdsnoarmen en wat wol en net kin. Dat dy kar makke wurdt, is dus wol apart."

De nota foar eveneminten is wat de ynhâld oangiet ek net sa hiel nij, seit Feitsma. "Dy is basearre op belied dat der al is, bygelyks it lûdsbelied dat jierren lyn al troch de ried fêststeld is. Alles is no yn ien nota setten. Net allinne foar de Griene Stjer, mar ek foar de binnenstêd en oare lokaasjes lykas it Halbertsmaplein yn Grou."

Utspraak Welcome to The Village

Dochs is der wol wat feroare, nammentlik dat de rjochter besletten hat dat it festival Welcome to The Village net mear oant 01.00 oere, mar noch mar oant 00.00 oere duorje mei. Feitsma: "Dat hat us ek ferrast, wy binne dêr hielendal net bliid mei. Wy hoopje ek dat wy dat foar kommende edysjes weromdraaie kinne, dêr sille wy ús bêst foar dwaan. Mar wy sitte wol efkes mei de situaasje."

Feitsma sjocht net graach dat der mear eveneminten binne dy't út Ljouwert wei wolle. "Wy hawwe it oer ûndernimmers. Dus ik snap de ûnrêst."

Kulurele Haadstêd-legacy

De rebûlje om it Griene Stjer-gebiet as festivalterrein komt krekt yn in perioade dat der in soad sprutsen wurd oer de 'legacy' fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018. "As kolleezje wolle wy graach dat dit soarte dingen barre yn Ljouwert," leit Feitsma út.

"It moat by de Griene Stjer mooglik wêze om trije festivals fan mear as ien dei te hâlden. Dat bliuwt ús stânpunt, dat jildt ek foar de kommende jierren. Psy-fi hat no oanjûn: wy wolle net, dan moatte wy sjen wa't wol wol."

Wethâlder Sjoerd Feitsma oer it opstappen fan Psy-fi

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)