Plysje: deade persoan yn Ljouwert is 73-jierrige bewenner

18 jul 2019 - 16:27

De plysje hat tongersdeitemiddei bekend makke dat de deade persoan dy't tiisdei fûn waard yn in flat yn Ljouwert de 73-jierrige bewenner is.

Foto: Kappers Media

Nei de fynst fan de deade persoan is de plysje in ûndersyk begûn yn de flat, dat ûndersyk is ek tongersdei noch trochgien. Op foto's is te sjen dat de ruten fan de flat yntusken ôfplakt binne mei swart plestik.

Oft dat mei it ûndersyk te krijen hat, wol in wurdfierder fan de plysje net sizze. Dy wol allinne kwyt dat it ûndersyk noch net klear is.

It slachtoffer waard fûn nei tips fan minsken dy't de sitewaasje net fertrouden. De plysje hat yntusken al wol bekend makke dat it om in misdriuw giet.

Trefwurden: 
Ljouwert deade Gerbrandywei
(Advertinsje)
(Advertinsje)