Opera Spanga is yn tritich jier net bot feroare

Opera Spanga bestiet tritich jier. Dat jubileum wurdt fierd mei de útfiering fan twa ien-akters: Pagliacci, de clowns en Il Tabarro, de mantel.
30 jier Opera Spanga: net bot feroare
Tritich jier lyn begûn it allegearre yn de achtertún fan regisseur Corina van Eijk mei it stik L'elisir d'amore fan Gaetano Donizetti. En it jier dêrop dienen se al in grut operastik mei Rigoletto. En yn dy 30 jier is it proses fan meitsjen en útfieren net bot feroare.
Hichtepunten binne neffens Van Eijk ûnder oare Aïda fan ferline jier, útfierd yn Spangea en op Malta, The Rake's Progress fan 1993 en de Aïda fan 2001.
Der wurdt dizze dagen wakker repetearre foar de premjêre, nije wike tongersdei. De cast en meiwurkers binne al wiken yn it saneamde Verona fan Weststellingwerf.
Repetysje foar de jubileumútfiering © Ronnie Porte
Besjoch de trailer fan Pagliacci en Il Tabarro: