Lek yn wetterlieding Harns

03 jul 2012 - 14:07

In lek yn in transportlieding fan de wetterlieding yn Harns soarget derfoar dat de wetterdruk yn de stêd en omjouwing folle leger is as oars. Op guon plakken komt sels hielendal gjin wetter út de kraan.

Der wurdt tiisdeitemiddei hurd wurke oan de reparaasje fan de transportlieding, mar it kin noch wol de hiele dei noch duorje foardat de wetterdruk wer normaal is. It Hanzer soarchplein, it eardere sikehûs, is oansletten op in oar net en hat gjin lest fan de problemen mei de wetterlieding.

It kin oant en mei tiisdeitejûn duorje foardat it lek ticht is. Wannear't de lieding wer ûnder druk set wurdt is der kâns op brún wetter. It advys is om de kraan dan in skoftke rinne te litten. Dêrnei wurdt it wetter fansels wer helder.

Trefwurden: 
wetter wetterlieding lek
(advertinsje)