Konferinsje fan universiteiten yn Ljouwert foar natuerynklusive lânbou

18 jul 2019 - 15:43

Rijksuniversiteit Groningen (RUG) en Wageningen University & Research (WUR) slaan de hannen ynien foar natuerynklusive lânbou yn Noard-Nederlân. Yn de hjerst sil der dêrom in konferinsje holden wurde yn Ljouwert, op Campus Fryslân as ûnderdiel fan de RUG. Foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de RUG Jouke de Vries: "Wij pakken deze duurzame onderzoeksuitdaging graag samen met de WUR op. Het doel is een overkoepelend kennis- en innovatieplan voor de landbouwprogramma's hier in het Noorden, maar ook elders."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foar de gearwurking hawwe bestjoersfoarsitter De Vries en WUR-rektor Arthur Mol tongersdei in saneamde yntinsjeferklearring ûndertekene. Doel fan de ferklearring is dus om natuerynklusive en duorsume lânbou te kombinearjen mei de ûntwikkeling fan it plattelân yn it noarden fan Nederlân.

Neffens Mol kin de gearwurking fierder bouwe op mear as tritich inisjativen dy't der al binne, neist bygelyks Dairy Campus en Wetsus yn Ljouwert.

Konferinsje

Om de plannen út te wurkjen sil der dus yn de hjerst in saneamde mienskiplike wurkkonferinsje holden wurde yn Ljouwert. Dêr sille ûndersikers fan RUG en WUR oan dielnimme, mar ek eksterne partners. Wannear't de konferinsje krekt holden wurdt, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)