Snobbersguod, sjips en drank stellen by VV Dokkum

18 jul 2019 - 15:27

Yn de kantine fan fuotbalferiening VV Dokkum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsen. Dat meldt de klup op harren webside.

Foto: VV Dokkum

Om binnen te kommen ha de dieders in rút fan de kantine fernield. Binnen ha se snobbersguod, sjips en drank stellen.

It is net de earste kear dat der ynbrutsen is by de fuotbalferiening. De klup ropt minsken op dy't mear witte, of wat fertochts sjoen hawwe, om harren te melden by de plysje of de feriening sels.

Trefwurden: 
ynbraak VV Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)