Oer fiif jier tekoart oan 108 doktersassistinten en 124 praktykstipers

18 jul 2019 - 14:48

De kommende fiif jier driget in tekoart fan 108 doktersassistinten en 124 praktykstipers yn Fryslân, dat jout Stichting Sociaal Fonds Huisartsenzorg oan.

Foto: Omrop Fryslân

De fraach nei soarch wurdt hieltyd grutter troch de fergrizing. Mar in soad meiwurkers yn de soarch geane mei pensjoen, wylst der te min opfolgers binne.

De fergrizing soarget foar mear 75-plussers yn ús provinsje. Dy geane faker nei de hûsdokter ta, en dêrtroch nimt de druk op hûsdokters ta. En dat wylst 23 persint fan de hûsdokters no al in tekoart hat oan assistinten en praktykstipers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)