Gjin ikeprosesjerûp mar 'bastertsatynrûp' op de Waadeilannen

18 jul 2019 - 14:44

It liket derop dat de ikeprosesjerûp net foarkomt op de Waadeilannen. Dat seit it ministearje fan Lânbou op Processierups.nu. Dat is in webside fan it ministearje dêr't minsken fragen stelle kinne oan eksperts op it mêd fan rûpen.

Foto: Omrop Fryslân

Ut de antwurden docht bliken dat der op de Waadeilannen gjin ikeprosesjerûp te finen is. Wol is de 'bastertsatynrûp' (bastaardsatijnrups) aktyf op de eilannen. Dizze rûp kin foar itselde soart klachten soargje by minsken.

Oft it wol feilich is om ûnder in mei de ikeprosesjerûp besmette beam te fytsen of te picknicken is de meast stelde fraach oan de eksperts. It advys? Kies, wêr mooglik, in oare rûte en soargje derfoar dat dyn lichem bedutsen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)