Oarlochsmonumint ûntbleate

03 jul 2012 - 13:59

Op de kop ôf 70 jier lyn stoarte in fleantúch mei Ingelske en Kanadeeske alliearden del by Koudum. Histoarysk Koudum hat tiisdei in oarlochsmonumint foar harren ûntbleate, omdat se net wolle dat de ferhalen ferlern geane.

Kingsley Brown, de soan fan de iennichste Kanadees dy't de crash oerlibbe hat, wie der by. De alliearden wiene yn in Hampden AE 248 ûnderweis nei Bremen om dêr bommen falle te litten. Boppe de Iselmar waarden se delsketten troch in Dútske jager. Allinnich de Kanadeeske piloat koe op tiid út it fleantúch springe.

De oare trije, in Kanadees en twa Ingelsen, kamen om op it plak dêr't no in soarchsintrum stiet. De trije omkommen manlju lizze op it begraafplak yn Koudum. Ulfert de Jong fan de wurkgroep Histoarysk Koudum fynt it wichtich dat der no in monumint foar harren is.

(advertinsje)