Graffity en nije beammen: stasjon Camminghaburen wurdt opknapt

De fuotgongerstunnel by stasjon Camminghabuorren yn Ljouwert wurdt drastysk opknapt. De tunnel is de ferbining tusken de wyk Camminghabuorren en it yndustryterrein De Hemrik. Njonken de tunnel sil ek it stasjon sels oanpakt wurde.
De tunnel sil skjinmakke en fernijd wurde. It giet dan bygelyks om de muorren fan de tunnel. Hjirby wurdt de help ynskeakele fan it Graffityplatfoarm Ljouwert. Sy sille it tunneltsje in graffity-makeover jaan.
Dêrnjonken wurdt der nije ledferljochting ophongen sadat de tunnel tenei ek in stik feiliger en duorsumer is. It perron en de omjouwing fan it stasjon moatte griener wurde, en dus komme der nije beammen te stean.
It wurk is al úteinset, en duorret oant oktober. Yn de simmerwiken sil der benammen wurke wurde oan de graffitykeunst, dêrnei binne de omjouwing fan de tunnel en it stasjon oan bar. Fytsers en fuotgongers moatte rekken hâlde mei wat opûnthâld, mar kinne it stasjon en de tunnel wol gewoan brûken bliuwe.