Fytstunnel Bûtenpost wurdt djoerder troch ekstra wurk

18 jul 2019 - 13:58

De oanlis fan de fytstunnel by it spoar fan Bûtenpost wurdt djoerder as earst tocht. De tunnel kostet no 480.000 euro, en dat is 115.000 euro mear as de oarspronklike priis.

Foto: Bûtenpost

De mearkosten wurde benammen feroarsake troch de oanlis fan ekstra stielen damwanden yn de eastlike wâlskant. Dit is nedich om in feilige farrûte te meitsjen. It ekstra wurk oan de wâlskant, en it fuortheljen fan (foar in part fersmoarge) slib kostet sa'n 145.000 euro. Hjir tsjinoer stiet in meifaller fan 30.000 euro, om't de plande koaikonstruksje ûnder it spoar der net mear hoecht te kommen.

De oanpassingen soargje der ek foar dat de tunnel letter klear wêze sil. It liket derop dat de tunnel no op syn betiidst yn de earste moannen fan 2020 klear wêze sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)