Fragen fan LIJST058 oer takomst en kosten Ljouwerter festivals

De gemeentefraksje fan LIJST058 yn Ljouwert wol dat de gemeente in folslein oersjoch bekendmakket fan de kosten fan de Ljouwerter festivals. Neffens de partij soene dy kosten fier boppe de 500.000 euro lizze kinne.
Foodcaravan op Welcome To The Village © Omrop Fryslân, Joris Kalma
LIJST058 wol graach fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte hokker bedrach se noch maatskiplik ferantwurde fine om te beteljen oan ekstra kosten foar festivals. De partij hat dêrnjonken noed oer de takomst fan Welcome to The Village. It festival soe miskien ferhúzje kinne nei in oare gemeente, sa seit de partij.
It kolleezje moat no oanjaan hoe't se it festival behâlde wolle foar Ljouwert. En as dat net slagget, wat dat Ljouwert kostje sil.