Boargemaster Brouwer slút drugswenning yn Surhústerfean

18 jul 2019 - 13:38

In hûs oan de Torenvalk yn Surhústerfean giet foar twa moannen op slot. Dat hat boargemaster Oebele Brouwer fan de gemeente Achtkarspelen besletten.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Dat hat er dien omdat út it hûs wei harddrugs ferhannele waarden. Dat die bliken by in plysje-ynfal yn it hûs yn maaie dit jier.

Mei de sluting hopet de boargemaster te berikken dat de bekendheid fan it hûs as drugsadres ophâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)