'Grutsk op Greidefûgels' wint Fryske reklamepriis 2018

18 jul 2019 - 13:26

De reklamespot 'Grutsk op Greidefûgels' is de bêste Fryske reklame fan 2018. De reklame is makke troch Merlin Producties yn opdracht fan in kollektyf fan boere- en natuerorganisaasjes om boeren der op te wizen goed op de greidefûgels te passen. Der wienen trije reklames nominearre, dêr't minsken op stimme koenen. De beide oare reklamespots wienen 'Wy hâlde fan netsjes' fan Aquacell en 'De fytsesaak fan Joop Zandberg'. Grutsk op Greidefûgels hat 75% fan de stimmen krigen.

De reklamepriis hat as doel om it brûken fan de Fryske taal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De priis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging, en wurdt al sûnt 1995 útrikt. By de reklame Grutsk op Greidefûgels hat de taal gjin ûnderwerp fan diskusje west seit Peet Sterkenburg fan LTO Noord. It is in reklame rjochte op Fryske boeren en it giet om Fryske greidefûgels.

Foarige winners wiene ûnder oare de Mazzelshop, Resi Wooncentrum en Wetterskip Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)