Wynmûnen fan Wynpark Fryslân draaie 15 jier lang eksklusyf foar Eneco

18 jul 2019 - 11:53

Eneco sil de kommende fyftjin jier alle stroom fan Wynpark Fryslân ôfnimme. It noch te bouwen wynpark moat it grutste nearshore wynpark fan Nederlân wurde. "It giet om 1.500 GWh yn it jier, dat is lyk oan wat sa'n 500.000 húshâldens brûke," seit Anne de Groot fan Wynpark Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

De oerienkomst tusken Eneco en Wynpark Fryslân, is de grutste dy't it bedriuw ea ôfsluten hat mei in Nederlânsk wynpark. Troch it kontrakt kin Eneco mear minsken griene stroom út Nederlân oanbiede. Neffens De Groot wie dat ek in wichtich argumint om foar Eneco te kiezen. "Sy slute ek oan op it ferduorsumjen fan Nederlân."

Om de stroom sa lokaal mooglik yn te setten krije ek bedriuwen en organisaasjes yn de provinsje Fryslân de mooglikheid om de stroom ôf te nimmen.

Yn oanbou

Wynpark Fryslân wurdt op dit stuit boud yn de Iselmar, sa'n seis kilometer fan de Fryske Iselmarkust, by de Ofslútdyk. It park krijt 89 wynmûnen mei in totale kapasiteit fan 382,7 MW. De mûnen moatte fan 2021 ôf stroom leverje oan it net.

Anne de Groot fan Wynpark Fryslân

Trefwurden: 
Wynpark Fryslân Eneco
(Advertinsje)
(Advertinsje)