Nij Beets hat noed oer steuringen yn brêge Polderhoofdkanaal

Brêgen en slûzen yn it Polderhoofdkanaal binne sa faak yn steuring, dat boatsjeminsken it kanaal leaver mije. Dat sizze ynwenners fan Nij Beets oan it kanaal.
Nij Beets hat noed oer steuringen yn brêge Polderhoofdkanaal
Doarpen easkje fan de gemeente Opsterlân en Smellingerlân dat der gau in oplossing komt. Nei in aardich drok earste jier farre der hieltyd minder boaten troch it kanaal.
"De sensoaren steane hiel gefoelich ôfsteld. De brêgewipper kin dat wol oplosse, mar it is wol ferfelend as je der mei de boat foar lizze", leit Pieter Nauta, foarsitter fan Pleatslik Belang, út.
"Yn de start fan it seizoen wie de brêgewipper der noch net en moasten boatsjeminsken soms wol in healoere wachtsje en soks praat troch. It is no dus net mear sa, want de brêgewipper helpt de fersteuring."
"It probleem sit him yn de sensoaren, dy reagearje al op in plúske fan in beam. En as it sein grien-read is, binne der boatsjeminsken dy't tinke dat se der wol ûnder troch kinne, mar de sensor fynt it noch net echt feilich en slacht yn steuring foar de boaten dy't dêrnei komme."
Nauta hopet dat de sensor minder skerp ôfsteld wurde kin. "Der lizze wol boaten en dy minsken ha it ek goed nei it sin, mar we hearre dat it ferhaal fan de steuring rûngiet en dêr wolle fan ôf. In brêgewipper is net de oplossing. In amtner is al drok dwaande om te sjen nei in oplossing en besjocht opsjes mei in eksterne ekspert."
Pieter Nauta, foarsitter fan Pleatslik Belang
De automatyske brêge oer it Polderhaadkanaal by Nij Beets © Omrop Fryslân, Andor Faber