Lêste jier foar festival Psy-fi yn it Griene Stjer-gebiet
It is it lêste jier dat dancefestival Psy-fi yn Ljouwert organisearre wurdt, jout de organisaasje fan it festival oan. It festival wurdt hâlden yn it Griene Stjer-gebiet en de organisaasje kampt al jierren mei in kompleksiteit oan regeljouwing.
"It is in amer mei liters en drippen, en de lêste tiid mear liters, dêr't we neat mear oan dwaan kinne", seit Wiebe Kootstra fan festival Psy-fi. De fergunningen binne yn de ôfrûne jierren ferfjouwerfâldige en kostje no 50.000 euro it jier.
"It is in kaartehûs oan fergunningen", fertelt Kootstra. It lêste wat er dwaan wol is de finger allinnich mar nei de gemeente wize. "Van Gelder hat ek hieltyd mear munysje krigen." Theo van Gelder is foarsitter fan de aksjegroep Groene Ster Duurzaam. Van Gelder spande meardere rjochtsaken oan tsjin de organisaasje en de gemeente Ljouwert. "It organisearjen fan it festival wurdt dêrtroch hieltyd dreger."
De kritikaster
Van Gelder sels wol earst sjen hoe't it komt mei it festival, foar't er tefreden is mei it beslút. "Eerst zien dan geloven", sa seit de kritikaster. Mei dat er it earst sjen wol, bedoelt Van Gelder dat er pas bliid is as der takom jier dochs net alsnoch in fergunning oanfrege wurdt. "We zullen ze niet missen", lit er witte.
Kootstra is yn de tuskentiid net lilk. "Mar sa'n swiere beslissing giet je net yn de kâlde klean sitten. We hâlde echt op, troch de komplekse regeljouwing en de almar heger wurdende kosten, wylst we gjin subsydzje krije. We hawwe te krijen mei ferskate oerheden, neist de gemeente is dat ek it wetterskip, de provinsje, it Ryk en sels it noardlik belestingkantoar."
Dwaande mei in oare lokaasje
Kootstra mist in gemeente dy't folslein efter de organisaasje stiet. Hy tinkt dat dat yn oare gemeenten wol oars is. De organisaasje is dan ek al dwaande om in oare lokaasje te finen en is nei ferskate opsjes oan it sjen.
Neffens Kootstra binne der tsientallen opsjes foar oare plakken. Op It Hearrenfean ha der ferkennende petearen west. "Mar ik slút ek net út dat we út Fryslân weigeane, en miskien sels wol út Nederlân."
It festival is fan 28 augustus oant en mei 1 septimber.