Taakstraf foar Jorwerter foar bedriging Syryske húshâlding

18 jul 2019 - 11:16

De 53-jierrige Jorwerter dy't op 29 maart de Syryske húshâlding yn syn doarp bedrige hat mei in grut mes, hat in taakstraf krigen fan 40 oeren. Ek krige er fjouwer moannen selstraf ûnder betingst mei in proeftiid fan trije jier.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It betingst dat de rjochter stelde, is dat de man him helpe litte moat om fan syn drankprobleem ôf te kommen. De Jorwerter wie earder ek al feroardiele foar riden ûnder ynfloed. Ek by it ynsidint mei de Syryske húshâlding wie der sprake fan drankmisbrûk.

De man wie nei it hûs fan it Syryske gesin gien omdat ien fan de bern in klap útdield hawwe soe oan syn dochter. Doe't it gesin net iepen dwaan woe, fernielde er de foardoar. Op de sitting toande de fertochte berou. "Ik ben stom geweest als een ezel" en "dit had zo niet gemoeten". It Syryske gesin hat gjin foardering tsjin de Jorwerter yntsjinne. Se hawwe de man ferjûn.

Ferhuzing

De famylje ferhuzet yn augustus fan Jorwert nei Ljouwert ta. Dat is net fanwegen dit ynsidint, mar omdat der yn Ljouwert mear foarsjennings binne lykas skoallen foar de bern en winkels. De rjochter sei op de sitting dat der gjin sprake west hat fan rasistyske motiven fan de Jorwerter. De Jorwerter liet op de sitting wite dat er gjin ferlet hie fan heger berop.

Doarpsnut kin libje mei oardiel

De sitting waard bywenne troch sa'n tweintich Jorwerters. Doede Ottema fan Doarpsnut liet nei ôfrin witte dat er wol libje kin mei it oardiel fan de rjochter. "It is fansels hiel spitich dat we hjir binne as doarp, mar sa'n taakstraf begryp ik wol. Je hearre dat de rjochter ek rekken hâlde wol mei de bysûndere omstannichheden fan de fertochte."

De Jorwerter is in allinnichsteande heit mei trije bern. Hy soe by in finzenisstraf of by it ynlûken fan syn rydbewiis syn wurk kwytreitsje kinne. Mar de Jorwerter krige wol hiel dúdlik te hearren dat er hurd wurkje moat oan syn drankprobleem. "Ik zie het niet als een groot probleem, maar het zal wel moeten", ferklearre de man op de sitting.

Onno Falkena oer it oardiel fan de plysjerjochter

(advertinsje)
(advertinsje)