Mear besikers op earste dei Fryske Ballonfeesten as ferwachte

18 jul 2019 - 10:55

De earste dei fan de Fryske Ballonfeesten op 'e Jouwer hat woansdei sa'n 5.000 besikers lutsen. Dat binne mear as de organisaasje ferwachte hie. Dy hie tocht dat der net earder as sneon, by it hichtepunt fan de feesten, sa'n 5.000 minsken komme soene.

Mear besikers op earste dei Fryske Ballonfeesten as ferwachte

It is dit jier foar it earst dat de ballonfeesten fergees tagonklik binne. De organisaasje docht dat om it festival ek berikber te meitsjen foar minsken mei in leech ynkommen. Dêrnjonken binne de ballonfeesten in wike earder as oars, sadat se net yn de boufak falle.

Mochten der de kommende dagen mear besikers komme as op it festivalterrein passe, dan sil de organisaasje dat fia Twitter en oare sosjale media bekend meitsje. Der sil dan ek oanjûn wurde hokker kant de ballonnen opgean, sadat dy ûnderweis besjoen wurde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)