Mear treinen Ljouwert-Swolle

Der sille mei yngong fan 2013 mear treinen ride tusken Ljouwert en Swolle. De provinsje Fryslân en de Nederlandse Spoorwegen hawwe dêr konsept-ôfspraken oer makke. De provinsje iveret al jierren foar mear treinen op it trajekt.
Fan takom jier ôf komt der ien trein yn 'e oere by. Uteinlik moatte dat der fjouwer yn 'e oere wurde yn 2017. It giet de gemeente Ljouwert net hurd genôch. Wethâlder Thea Koster fynt dat der al yn 2015 fjouwer treinen yn 'e oere wêze moatte soene.