Gruthannel Sligro sjocht winst flink nei ûnderen gean

Gruthannel Sligro, mei ek fêstigingen yn Ljouwert en Drachten, hat yn de earste helte fan dit jier flink minder winst behelle. Dat docht bliken út de healjiersifers.
© ANP
De legere winst komt benammen omdat de ekonomyske groei yn Nederlân en België ôfflakje. Foaral de dranke- en cateringsektor fan Sligro hie dêr lêst fan. Neist dat der minder jild útgong, hie it bedriuw ek hegere kosten.
De gruthannel hie yn de earste helte fan dit jier in omset fan 1.135 miljoen.